Powered By Blogger

maandag, maart 23, 2020

Applaus JA mar earst efkes hântjeklap . . . . . .



Ja aardich dat applaus allegearre foar minsken dy't yn it sikehûs wurkje en elke kear mar wer, hja hawwe dit wurk dochs keazen en dan in kar in de soarch makke as ropping want wurk is oeral en dan dizze baan ? 

Nee swier ûnderbetelle en ja klappe jo allegearre mar in jimme hantsjes dêr wurde hja wol efkes stil en bliid fan. Ik soe sa sizze doch jo noch mar in leanferheging der boppe op en der oerhinne .

De oeroeren die draaid wurde die telle wy dûbeld op om dan earder mei it pensjoen te gean en as it sa troch giet as no dan is dat sa om it fiifenfyftichste libbensjier en dan ek efkes de pensjoenen oanpakke dat it ek dan aardich bliuwt om te libjen !

Dus klappe jim allegearre mar yn de hantsjes en dan gelyk efkes hantsjeklap foar in leanferheging. Better noch soe wêze earst hantsjeklap foar in fikse grutte leanferheging sadat mear minsken dan ek yn de soarch wurkje wolle !

Leaf hear applaus mar ik sis dat hja it sjen kinne moatte oan it ein fan de moanne hoefolle hja wurdearre wurde ! ! ! ! ! ! !

I ♡ Fryslân EN alle hurde wurkers yn de soarch en dan fierder noch in hiel rychje dy't ek balstienhurd spikerhurd wurkje en dy neam ik net allegearre op want dan ferjit ik fêst hurde wurkers bygelyks de postboade mei of sûnder in brief foar my.


Myn hert wurdearret no elke hurde wurker en ja aardich dat hja dat hearre kinne mar hja sjoche it ek asto it wurdearret mei dyn hert asto holpen wurdst. 



           D U S   L E A N F E R H E G I N G